Van der Werf: 10 man wer wurk

26 jun 2013 - 17:20

Fan de 85 minsken dy't troch it fallisemint fan boubedriuw Van der Werf út Sint Nyk harren baan ferlearen, binne yntusken tsien earne oars wer oan it wurk. Dat seit de eardere direkteur Herman van der Werf. It giet benammen om kantoarpersoniel. It fallisemint fan Van der Werf waard yn maart útsprutsen. De ôfwikkeling dêrfan is noch altyd geande. Sa binne in soad boukavels, dy't it bedriuw yn eigendom hie, noch net ferkocht. Wol is al it ark en de boubuskes fuort. Dat hat mear opbrocht as yn it foar tocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)