'Genôch romte foar Omrop'

26 jun 2013 - 16:56

Der bliuwt nei de yntegraasje fan de lanlike en regionale omroppen yn 2016 in goed oanbod fan Fryske radio- en tv-programma's. Dy tasizzing die steatssiktaris Sander Dekker fan media yn it debat oer de takomst fan de publike omrop. De Twadde Keamer frege yn it debat om it Frysk yn de media ta útgongspunt fan beleid te meitsjen.

Dekker sei dat ta, mar hy sei der fuortendaliks by dat dit net betsjut dat der net op Omrop Fryslân besunige wurde sil. Neffens de steatssiktaris kinne de lanlike en regionale omroppen folle mear gearwurkje.

Dat sparret in soad jild út, sa tinkt Dekker. Hoe't dy yntegraasje fan de lanlike en regionale omroppen foarm krijt sil pas yn 2014 dúdlik wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)