Boubelangstelling Thialf grut

Meardere Fryske bedriuwen stean yn de startblokken om it nije Thialf te bouwen. Deputearre Hans Konst seit dat der twa Fryske konsortsia belangstelling ha foar de bou fan it nije isstadion. Fan Friso Bouwgroep en Van Wijnen wie dat al bekend, mar Konst makke ek bekend dat Jorritsma Bouw en Bouwgroep Dijkstra Draisma it nije Thialf bouwe wolle. Provinsjale Steaten giene akkoart mei it beskikber stellen fan 54 miljoen euro foar it nije Thialf. 50 miljoen foar de nijbou en 4 miljoen foar de oankeap fan de oandielen.
Dy oandielen binne no noch yn besit fan Essent en Aegon. De kolleezjepartijen PvdA, CDA en FNP en opposysjepartij VVD wolle it jild hoe dan ek gewoan útjaan, ek al is noch net bekend oft Thialf fan KNSB en NOC*NSF de topsportstatus krijt. Fan 't simmer kinne boubedriuwen harren ynskriuwe foar de nijbou. It nije Thialf moat fan takom jier ôf boud wurde. Yn 2016 moat it stadion klear wêze.