Ljouwert hâldt IM

26 jun 2013 - 15:22
  • Justysje

It Iepenbier Ministearje bliuwt yn Ljouwert. Dat hast it ministearje fan Justysje besletten. Alle meiwurkers ferhúzje moandei al nei Grins, mar der bliuwe 40 fleksplakken oer dy't permanint beset wurde. Dat soe earst net. Minister Opstelten is der no fan oertsjûge dat it dochs better is yn Ljouwert in ploech te hâlden. Dat skeelt reistiid en ek bliuwt is it Iepenbier Ministearje sa sichtberder yn de mienskip.

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert is wiis mei it beslút.

De lyntsjes tusken bestjoerders en it IM bliuwe koarter en ek betsjut it behâld fan heechweardige wurkgelegenheid foar de stêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)