Talant meant bermen fytspaad

Meiwurkers fan de ôfdieling grienbehear fan Talant De Westereen ha it behear krigen oer it Sennaerspaad tusken De Westereen en Driezum. Se meie by wize fan proef in jier lang it gers neist it fytspaad meane en de saak kreas hâlde. Dat betsjut ôffalbakken leegje en rommel opromje. Nei in jier wurdt besjoen otf Talant it wurk hâldt of miskien noch mear fyts- en kuierpaden yn ûnderhâld krijt. Oan it fytspaad wurkje acht meiwurkers fan Talant en neffens begelieder Anne Huisman is eltsenien tefreden.