Westra en Weening wis fan WK

26 jun 2013 - 14:37
  • Lieuwe Westra op it WK
  • Pieter Weening

Lieuwe Westra, Pieter Weening en Bauke Mollema binne troch bûnscoach Johan Lammerts oanwiisd foar it wrâldkampioenskip hurdfytsen ein septimber yn Italië. Nederlânsk kampioen tiidriden Lieuwe Westra sil mei Niki Terpstra, de nûmer twa fan it NK, útkomme yn de race tsjin de klok. Pieter Weening en Bauke Mollema dogge mei oan de wedstriid op 'e dyk. Lieuwe Westra makket ek noch kâns om dêroan mei te dwaan. De debutearjende bûnscoach tinkt dat dizze hurdfytsers it swiere parkoers oankinne.

Ilona Hoeksma fan Lúkswâld en Anouska Koster fan De Westereen binne troch dyselde bûnscoach opnaam yn de seleksje foar de Ronde fan Italië dy't fan 30 juny oant en mei 7 july ferriden wurdt. Boppedat sille de beide Friezinnen útkomme op it EK foar beloften op 20 july yn Tsjechië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)