Foarljochting grut farwetter

26 jun 2013 - 12:56

De provinsje wol mei mear en bettere foarljochting foarkomme dat der noch mear ûngelokken plakfine, sa as dat fan tiisdei op it PM-kanaal by Grou. In binnenfeartskip botste op in kruser. De kruser sonk, de twa opfarrenden rekken slim ferwûne. Sy moasten reanimeard wurde en binne nei sikehûs MCL brocht. It is it tredde ûngelok yn koarte tiid. Neffens deputearre Sietske Poepjes moat bettere foarljochting derfoar soargje dat minsken better witte wat harren plak is op it wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)