Dieders mishanneling bekenne

De trije jonges dy't fertocht wurde fan de mishanneling fan in jonge fan 17 út Ljouwert, hawwe har died bekend. De swiere mishanneling fûn plak yn de nacht fan freed 14 op sneon 15 juny, op it Saailân yn Ljouwert. It slachtoffer waard tsjin syn holle en liif slein. De fertochten binne in 19-jierrige ynwenner fan Frjentsjer en twa Ljouwerters, fan 18 en 19 jier. Nei in protte media-oandacht hienen de fertochten harsels oanjûn.