Utstel meanen slagge

26 jun 2013 - 12:07

Deputearre Johannes Kramer is tige te sprekken oer de reaksje fan de boeren op syn oprop om pas nei 22 juny mei it meanen te begjinnen. De oprop is it gefolch fan it greidefûgelbehear. Doel fan de aksje is om de piken wat langer de tiid te jaan om fuort te kommen, omdat se oars yn de meanmasjine bedarje. 325 fan de yn totaal 3000 boeren yn de provinsje setten pas nei 15 juny útein mei it meanen en krije derfoar in fergoeding. 157 hjirfan hellen pas nei 22 juny de meanmasjine út de skuorre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)