Plannen Bûtenfjild

26 jun 2013 - 11:50

De doarpen om natoergebiet it Bûtenfjild yn de Wâlden hawwe elkoar fûn en meitsje plannen foar it gebiet. Dat dy fan 'e moarn betiid bliken op in natoerekskurzje dy't troch it Fryske Gea organisearre waard yn it ramt fan it saneamde 'Ontwakend Landschap'. Dat evenemint waard foar de tredde kear organisearre. In grut tal natoerbeskermers, amtners, provinsjale en gemeentlike politisy ha mei boatsjes it Ottema Wiersma reservaat yn west. Dêr frege Fryske Gea direkteur Henk de Vries omtinken foar de grutte natoergebieten en de ferbinings dêrtusken.

De doarpen om it Bûtenfjild hinne presintearren harren dêr ek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)