Gjin sukses foar 'Better As'

De Stichting Better As is der net yn slagge om fia de rjochter har eigen plan ter ferfanging fan de Sintrale As wer op de aginda fan Provinsjale Steaten te krijen. De rjochtbank fynt dat it net giet om in nij inisjatyf, mar heechút om wizigingen dy't Better As oanbringe wol.
It beslút oer de Sintrale As is al naam en der binne al oerienkomsten sletten mei ferskate partijen. De provinsje hoecht it boargerinisjatyf fan de stichting Better As dêrom net yn behanneling te nimmen.