Mear studinten by hegeskoalle

25 jun 2013 - 14:38
  • NHL yn Ljouwert

Universiteiten en hegeskoallen lûke oant wol in kwart mear studinten as ferline jier. Ek yn Fryslân binne der in soad foaroanmeldings foar bygelyks de learare-oplieding, mar ek sosjale stúdzjes. Troch it útstel fan it lienstelsel binne der in soad studinten, dy't har no dochs ynskriuwe wolle foar in stúdzje. De Noardlike Hegeskoalle Ljouwert hat dik 20 persint mear oanmeldings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)