'Skoallen moatte gearwurkje'

25 jun 2013 - 12:59

In basisskoalle yn de gemeente Weststellingwerf moat minimaal acht leeftiidsgroepen grut wêze mei fjouwer leararen. Slagget dat net dan moat der ien grutte skoalle makke wurde foar meardere doarpen of in brede skoalle dêr't mear funksjes yn sitte. Dêrmei liket de gemeente yn elts gefal oan te sluten by de oprop fan steatssekretaris Sander Dekker fan ûnderwiis om lytse skoallen mear gearwurkje te litten. Mar dy acht groepen en fjouwer leararen moatte neffens wethâlder Van der Zee net as in hurde grins sjoen wurde en mear as in útgongspunt.

Dat der skoallen ferdwine, is wis. Mar hokker skoallen dat binne, is noch net te sizzen. De kwaliteit fan it ûnderwiis is dêrby it wichtichste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)