Nije brêgetiden ûngeunstich

25 jun 2013 - 11:40

Fryske skipfeartbedriuwen binne miljoenen ekstra kwyt as de brêgen en slûzen tenei koarter betsjinne wurde. Minister Schultz van Hagen fan Ynfrastruktuer en Miljeu wol dy betsjinning krekt werom bringe om twa miljoen te besparjen. Mar neffensTwadde Keamerlid Wassila Hachchi fan D'66 kostet it just folle mear en sil it frachtferkear op de dyk ek tanimme. Kontenertransportbedriuw MCS yn Drachten is net te sprekken oer de plannen. It transport oer it wetter wurdt dêrtroch 15 oant 20 % djoerder neffens harren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)