Ein Littenseradiel yn sicht

25 jun 2013 - 06:24
  • Gemeente Littenseradiel

De gemeenteried fan Littenseradiel hat ynstimd mei weryndieling. Moandeitejûn stimde in mearderheid fan de gemeenteried yn mei opdieling fan de gemeente ûnder buorgemeenten. Alinne de trije FNP'ers en riedslid Pim Astro fan de partij SAM stimden tsjin it foarstel. Nei 23 ynspraakjûnen is besletten Littenseradiel op te dielen yn trijen en te ferdielen ûnder Súdwest Fryslân, Ljouwert en de nije gemeente Noardwes- Fryslân. Yn 2018 moat de weryndieling in feit wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)