Dekker: "skoallen gau fuseare"

Steatssekretaris Dekker fan ûnderwiis wol dat der faasje makke wurdt mei de fúzje fan lytse skoallen. Dekker stelde earder dat de sluting fan skoallen mei minder as hûndert learlingen net trochgiet, as der mar wol mear gearwurke wurdt. Dêrta wurdt de saneamde lytseskoalletaslach brûkt. Dekker wol dat der aveseard wurdt, oars is it foar in protte lytse skoallen te let.