Nij Bethanië stik soberder
De nijbouplannen foar fersoargingshûs Nij Bethanië yn Tsjummearum gean dochs troch. De plannen wurde wol bot fersobere. Der waard earst útgien fan goed 60 wenten en 8 apparteminten, dat wurde der no goed 40 mei 8 apparteminten. De plannen moasten oanpast wurde om't se djoer wiene.