Soarchpartners: swarte sifers

De Fryske sikehuzen en soarchynstellings fan Zorgpartners Friesland hawwe it ferline jier finansjeel goed dien. Alle bedriuwsûnderdielen as MCL, Noorderbreedte en sikehûs Tsjongerskâns behellen yn 2012 in posityf resultaat. It giet mei-inoar om krekt wat mear as 11 miljoen euro. De folsleine jieromset gie foar it earst oer de 500 miljoen euro hinne.
Ek pasjinten wienen tefreden oer de soarch. Der is ferline jier twa kear in pasjinte-enkête útfierd. It MCL krige in 8,4, it rapportsifer foar de Tsjongerskâns op It Hearrenfean wie in 8,3.