Jildpine by Hûs en Hiem

24 jun 2013 - 11:31

Wolstânsorganisaasje Hûs en Hiem sit yn finansjele swierrichheden. De organisaasje draait mei ferlies en dêrfoar moatte de Fryske gemeenten opdraaie, want Hûs en Hiem is in gemeentlike regeling dêr't alle gemeenten yn sitte. Oarsaken binne de boukrisis en de fersoepeling fan de regels. Der wurdt folle minder gebrûk makke fan Hûs en Hiem, omdat der folle minder boud wurdt.

It bestjoer fan de organisaasje sil nei de simmer mei in útstel komme oer hoe't it fierder moat. By Hûs en Hiem wurkje tsien meiwurkers.

Ien fan de opsjes is om Hûs en Hiem ûnder te bringen by in oare organisaasje, want der moat in wolstânsorganisaasje bliuwe. It doel fan Hûs en Hiem is it befoarderjen fan de boukundige skientme fan Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)