Ungelok by Friesland College

24 jun 2013 - 11:12

De traumahelikopter is moandeitemoarn oproppen foar in ûngelok op it Friesland College oan de Julianaleane yn Ljouwert. Yn de skoalle wie in learling ynstallaazjetechnyk fan de trep fallen mei de holle tsjin de radiator. Njonken de traumahely stie ek in heechwurker fan de brânwacht by de skoalle.

It slachtoffer is slim ferwûne mei de heechwurker út de skoalle tild, mei de ambulânse nei de traumahelikopter ferfierd en oerflein nei it UMCG yn Grins. Foar de oare kursisten út syn groep wurdt opfang regele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)