Ryk posityf oer natuer

24 jun 2013 - 08:09

Fryske natuerorganisaasjes binne bliid mei útspraken fan premier Rutte oer de natuer. Ofrûne wykein sei hy op in lanlike natuertop yn Gelderlân dat hy ekonomyske kânsen sjocht foar de natuer. Hy sei mei klam dat natuer gjin jild kostet, mar dat it jild opsmite kin. It Fryske Gea is bliid mei dizze hâlding fan it regear, mar is wol benijd wat dit konkreet opsmite sil. Natuergebieten yn de provinsje binne no neffens it Gea noch tefolle fersnippere. Der moat in bettere ferbining komme. Ek moat de oergong fan boerelân nei natuer better.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)