Likefolle besikers foar Oerol

23 jun 2013 - 17:36

Teaterfestival Oerol op Skylge hat de ôfrûne tsien dagen op syn minst likefolle besikers lutsen as ferline jier. Oerol hat dit festival mei-inoar 130.000 kaartsjes ferkocht foar de foarstellings op tsientallen lokaasjes binnen- en bûtendoar. De feartsjinsten rûze dat se sa'n 50.000 festivalgongers oerset hawwe.

Fan it ûnlijige waar hat it festival net al te folle lest hân. Hast alle foarstellings binne trochgien. Fan de 40 gruttere foarstellings op Oerol belibben 26 harren premjêre op Skylge.

De kaartferkeap, yn it ferline noch wolris in probleem, ferrûn dit jier neffens de organisaasje sels bysûnder goed. By de start fan de foarferkeap wiene binnen in oere tiid al sa'n 20.000 kaartsjes ferkocht.

Trefwurden: 
besikers Oerol
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)