Hoogerland wint NK hurdfytsen

Johnny Hoogerland is snein yn Kerkrade Nederlânsk kampioen hurdfytsen wurden. De 30-jierrige rider fan Vacansoleil, ploechmaat fan Lieuwe Westra, kaam nei 228,8 kilometer allinnich oan. Tom Dumoulin waard twadde, Sebastian Langeveld tredde.
It wedstrydbyld waard lang bepaald door in tige oanfallend ridende Lieuwe Westra. Al yn de earste ronde demarrearde Westra. De Tynster kaam foarop te riden, earst mei trije oaren, letter allinnich. Neidat Westra byhelle waard, besleat de nasjonaal kampioen tiidriden om ôf te stappen.
Westra ferklearre nei ôfrin dat hy it Nederlânsk kampioenskip beskôge as in 'ideale trening' foar de kommende Tour de France.