Westra rydt oeren op kop by NK

23 jun 2013 - 15:12
  • Lieuwe Westra flak foar de start

Lieuwe Westra fan De Tynje hat sneintemiddei by it Nederlânsk kampioenskyp hurdfytsen yn Kerkrade oeren lang allinnich op kop riden. De nasjonaal kampioen tiidriden hie op syn meast in foarsprong fan in lytse 4 minuten op it peleton. Om trije oere hinne wie dêr noch mar 1 minút en 20 tellen fan oer. De Blanco-formaasje jage op Westra en wist him om 20 oer trijen yn te heljen.

Westra hat him goed sjen litten, is de man yn foarm en liket ek klear foar de Tour de France. Bauke Mollema is út de koers stapt.

Mollema liet op Twitter witte dat hy noch net hielendal hersteld is fan de Ronde fan Switserlân. Mar we hoege ús gjin soargen oer him te meitsjen. Mollema is yn oarder en wol himsels fokusje op de Tour de France.'' Mollema waard foar de start sjoen as ien fan de favoriten foar de nasjonale titel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)