City Proms hat lest fan rein

23 jun 2013 - 14:37

It fergese festival foar klassike muzyk City Proms hat ek dit jier te lijen fan it wiete waar. Sneontemiddei moast de foarstelling 'Het feest van Karel Ketelaar' fan it NNO en Tryater sels ôfbrutsen wurde, omdat de klassike ynstruminten wiet drigen te wurden.

It konsert Pianophasing mei tweintich piano's waard yn in tinte hâlden. It jûnskonsert fan it Noord Nederlands Harmonie Orkest gie wol troch. Ek snein geane alle optredens troch neffens it programma. It is al de tredde kear dat City Proms te krijen hat mei ûnlijich waar.

It wikselfallige en wiete waar hat it festival nei alle gedachten in soad publyk koste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)