Auto mei 4 froulju oer de kop

By in ûngelok op de provinsjale dyk N359 by Balk is in auto oer de kop slein. Neffens in tsjûge woe de bestjoerster in auto mei karavan ynhelje. Doe't se dat die, seach se dat der in tsjinlizzer oankaam. Omdat de bestjoerster wer nei de oare helte fan de dyk woe, luts sy oan it stjoer. Dêrtroch fleach de auto oer de kop en bedarre yn de sleat.
De fjouwer ynsittenden, allegearre froulju, koene sels út de auto komme. Oft de froulju ek ferwûne rekken is net bekend. De auto is letter fuortsleept.