Manlju oppakt om mishanneling

23 jun 2013 - 13:50

De plysje hat sneintemoarn betiid op It Hearrenfean twa manlju oanhâlden fan 26 en 29 jier, beide fan It Hearrenfean. It duo wurdt fertocht fan it mishanneljen fan in 20-jierrige plakgenoat oan de Dracht, op It Hearrenfean.

De plysje docht noch ûndersyk nei wat der krekt bard is. De twa fertochten binne ynsletten om heard te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)