Moandei 1e trening Hearrenfean

23 jun 2013 - 12:28

SC Hearrenfean begjint moandei oan de tarieding op it nije seizoen. De ploech fan Marco van Basten hat dan yn Langsweagen de earste trening. It wie de lêste tiid hiel ûnrêstich by de klup. Supporters, sponsors, frijwilligers en oaren easken it fuortgean fan de folsleine direksje en de ried fan kommissarissen.

Freed waard bekend dat direkteur Robert Veenstra opstapt. Syn taken wurde earst oernommen troch de ried fan kommissarissen. De supportersferienings NieuwNoord en FeanFan ha sein dat se by de earste trening in ludike aksje hâlde sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)