Van der Bos wint yn Holwert

22 jun 2013 - 17:31
  • Van der Bos, Iseger, Triemstra

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hat sneon de frije formaasje parrtij yn Holwert wûn. Yn de finale wie it dreech partij tsjin Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma: 5-5 en 6-0. De tredde priis yn Holwert wie foar Tjisse Steenstra, Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra. Sy ferlearen yn de heale finale mei 5-3 en 6-6 fan de lettere preemjewinners.

Foar it trio Van der Bos betsjut dit de 41e oerwinning op haadklassenivo.

Dat is like folle as de formaasje fan Sake Saakstra, Piet Jetse Faber en Johannes Brandsma yn de jierren tachtich helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)