Kramer: trochgean nei Sotsji

Sven Kramer © ANP
Sven Kramer is fêst fan doel om ek nei de kommende Winterspelen fan Sotsji troch te gean mei reedriden. Kramer hat dat sneon sein op BNR radio. Kramer belibbet neffens eigen sizzen noch in soad wille oan it reedriden. Hy is dêrom fan doel om troch te gean oant de Olympyske Spelen fan 2018 yn Koreä.
Kramer ferwachtet in soad fan it kommende seizoen, omdat hy hielendal blessuerefrij is en dat hat wolris oars west. Kramer treent op it stuit krekt wat minder hurd as foar de spelen fan Vancouver.
Wêr't de nije topsportiishal fan Nederlân komt makket Kramer net folle út, omdat de ôfstannen yn Nederlân net sa grut binne. It Hearrenfean hat wol syn foarkar. Kramer is fan miening dat de provinsje de ôfrûne jierren te sleau west hat yn de beslútfoarming oer Thialf en dêrtroch binne ûndernimmers op oare plakken mei eigen plannen kaam foar in topsportiishal.