Glêzen Hûs smyt stêd jild op

3FM Serious Request © Omrop Fryslân, Jaap Elzes
Benefytaksje Serious Request fan radiostjoerder 3FM hat ferline jier yn Enschede de stêd sa'n 20 miljoen euro opsmiten. De aksjewike luts ferline jier sa'n 320.000 besikers, dy't mei-inoar 20 miljoen euro útjoegen yn de hoareka en winkels fan de stêd.
Ien en oar docht bliken út in rapport fan de Stichting Enschede Promotie. Neffens dy stichting smiet de aksje net allinnich jild op, mar hat Serious Request ek tige goed west foar de byldfoarming fan de stêd. Dit jier komt it Glêzen Hûs op it Saailân yn Ljouwert.
Fan de besikers kaam ferline jier 43 persint út Enschede sels, 26 % kaam út Twinte en 30 % kaam út de rest fan Nederlân. Serious Request levere ferline jier it rekôrbedrach fan 12,2 miljoen euro op.