Fjoerwurk op training Cambuur

22 jun 2013 - 14:25

De earste training fan Cambuur foar it nije seizoen yn de earedivyzje sit der op. Foar it earst presintearren trainer Dwight Lodeweges en syn team harren oan de fans. Der kamen dan ek in soad fans op de training ôf. De kampioensploech fan de Jupiler League waard ûnthelle mei fjoerwurk. Dwight Lodeweges wie entûsjast oer de ûntfangst.

De seleksje fan Cambuur is noch net folslein. Cambuur is noch dwaande mei in pear bûtenlânske spilers. De klup kin yn alle linys noch wol fersterking brûke, fynt Lodeweges.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)