FK drakeboatrace yn Kollum

22 jun 2013 - 12:57

Yn Kollum stride sneon santjin teams om it Frysk kampioenskip drakeboatrace. Yn in boat mei in drakekop en -sturt roeie de ploegen troch it Kollumer Kanaal. De drakeboatrace is in útfloeisel fan it evenemint Sail Kollum fan ferline jier, wêrby't de race in grut súkses wie.

Doe is besletten om der in jierliks evenemint fan te meitsjen. It FK fan sneon luts tûzenen minsken. De organisaasje wol it evenemint de kommende jierren útwreidzje en ek mear boaten starte litte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)