Winst Mid-Fryslân en SCO

Kuorbal © ANP XTRA
Mid-Fryslân kin wer wat rommer sykhelje nei de winst, 23-19, op DOS Kampen. Yn sporthal De Twine bleau it lang spannend. Mid-Fryslân kaam gau op 4-1, mar dêrnei gong it ynienen hiel stroef. By it skoft hiene de kuorballers fan Reduzum en Grou in lyts gatsje: 10-8. De fertsjinne winst waard beskrept yn it lêste part. Fan 14-14 waard it 20-14 en doe wie it klear.
SCO helle yn Wolvegea út tsjin SKF. De Aldeholtpeasters, fjochtsjend tsjin degradaasje, setten de ploech út Veenendaal mei 23-16 oan de kant. Healwei wie it ferskil al makke: 12-7.
SCO hat no fjouwer punten yn de haadklasse B en is foarlêst. Mid-Fryslân stiet ien plakje heger mei sân punten. DOS Kampen is de nûmer lêst mei twa punten.