Opstappen Veenstra 'in begjin'

22 jun 2013 - 09:31
  • Robert Veenstra, direkteur sc Hearrenfean

It opstappen fan Robert Veenstra as direkteur fan Sportklup Hearrenfean is 'in begjin'. Dat sizze kritisy fan de omstriden foarman fan de klup. Ald-trainer Foppe de Haan neamt it in ferstannich beslút. Hy wol dat it ûndersyk nei it funksjonearjen fan Veenstra trochgiet om te bepalen wat der nedich is foar de takomst.

Maarten de Jong wol as âld-fuotballer graach belutsen wurde by de weropbou fan de klup en sjocht wol kâns foar himsels as foarsitter, mei de goede minsken om him hinne. In opluchting, neame de supportersferienings it opstappen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)