'Veenstra fuort goede 1e stap'

21 jun 2013 - 20:31
  • De parseferklearring fan SC Hearrenfean

'Dat Veenstra is opgestapt, is een goede eerste stap', dat seit Ben Takkenberg, foarsitter fan de klachtekommisje fan Sportklup Hearrenfean. Dizze kommisje sprekt út namme fan de meiwurkers. Takkenberg ferwûnderet him deroer dat de ried fan kommissarissen it betreuret dat Veenstra opstapt is: 'Er moet nog veel gebeuren en dat onderzoek moet zeker doorgaan', sa seit Takkenberg. 'Maar opgelucht zijn we zeker.'

Neffens Takkenberg moat it ûndersyk gewoan trochgean: 'En dat kan wat mij betreft na twee uurtjes werk klaar zijn.'

Jelko van der Wiel sprekt út namme fan de aksjegroep (Aktie '67, NieuwNoord, Feanfan, de klachtekommisje en in groep sponsoaren). Hy is ek bliid mei it opstappen fan Veenstra: 'Spitich foar de persoan Veenstra, mar dit is wol better foar de klup. No dat ûndersyk trochsette en sjen wat dêr útkomt.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)