Robert Veenstra stapt op

21 jun 2013 - 17:36
  • De parseferklearring fan SC Hearrenfean

Robert Veenstra is 'yn goed oerlis' opstapt as foarsitter fan SC Hearrenfean. Dat is freed bekend makke op in byienkomst foar de meiwurkers fan SC Hearrenfean. Robert Veenstra wie hjir sels net by oanwêzich. Yn in parseferklearring lit Veenstra witte dat hy SC Hearrenfean 'de romte jaan' wol. Hy wol oplossingen foar de ûnrêst by de klup 'net yn it paad stean'.

Robert Veenstra lei al langere tiid ûnder fjoer. De supporters en ek ferskate sponsoaren seine earder it betrouwen yn Veenstra op. Ek Foppe de Haan fûn dat Veenstra fuort moast.

Robert Veenstra hat trije jier by SC Hearrenfean wurke. Veenstra koe min oerwei mei âld-foarsitter Riemer van der Velde fan SC Hearrenfean. It skeel tusken de manlju eskalearde doe't earder dit jier it klupblêd fan Hearrenfean in tige negative kollum oer Van der Velde publisearre. Van der Velde wie freed by Cambuur op de ôfskiedsresepsje fan feilichheidsman Keimpe Vellinga, doe't er it nijs hearde. Van der Velde woe net foar ús mikrofoan reagearje. Foarsitter Wino de Jong fan de ried fan kommissarissen woe freed net reagearje op it opstappen fan Veenstra. De ried fan kommissarissen wol de útkomsten fan it ûndersyk nei de situaasje by SC Hearrenfean ôfwachtsje. Oant dy tiid jildt radiostilte, sa seit De Jong.

Op de website fan SC Hearrenfean stiet de folgjende ferklearring:

In goed onderling overleg met het Stichtingsbestuur en de Raad van Commissarissen heeft directievoorzitter Robert Veenstra besloten mogelijke oplossingen voor de aanhoudende onrust binnen de club niet in de weg te willen staan en sc Heerenveen per direct te verlaten. Het Stichtingsbestuur en de Raad van Commissarissen respecteren de beslissing van de directievoorzitter en betreuren ten zeerste dat over zijn functioneren een over het algemeen te eenzijdig beeld is ontstaan. Robert Veenstra is bijna 3 jaar voor sc Heerenveen werkzaam geweest. Hij heeft in belangrijke mate bijgedragen aan de herstructurering die noodzakelijk was om de club terug te brengen in de gezonde categorie 3 van Betaald Voetbal Organisaties.

Het onlangs aangekondigde adviestraject voor sc Heerenveen wordt doorgezet met als doel een substantiële bijdrage te leveren aan de stabiliteit van de club.
De Raad van Commissarissen neemt vooralsnog, in samenwerking met de huidige organisatie, de statutaire verantwoordelijkheid van de directievoorzitter waar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)