Froulju Dr. Boys sealkampioen

14 jan 2012 - 18:09

De froulju fan Drachtster hawwe sneon yn Frjentsjer it Iepen Frysk sealfuotbalkampioenskip op har namme skreaun. Sy foldiene dêrmei oan de favoriterol, dy't sy hiene. Drachtster Boys wûn yn de finale mei 2-1 fan ONS Snits.

By de manlju gie Avanti yn de finale ferrassend ûnderút tsjin de Grinzer studinten fan Drs. Vijfje. Dy wûnen mei 2-0 fan de Stienzers en nimme dêrmei de titel oer fan Avanti.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)