Simpson wer trener by Aris

21 jun 2013 - 16:30

Tom Simpson wurdt de nije trener fan de Ljouwerter basketbalklup Aris. Hy folget dêrmei Erik Braal op. Simpson, dy't earder Aris treende, sil it kommende seizoen assisteard wurde troch Ed Molthoff, dy't ek by Braal twadde man wie. It ûnderkommen fan Aris, sporthal it Kealledykje, sil fan oktober ôf ferboud wurde. De kontrakten binne definityf makke nei gesprekken mei de gemeente.

Oer in mooglike nije shirtsponsor fan Aris wurdt letter mear bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)