Flylân wer dekôr Dokter Deen

21 jun 2013 - 15:50

Flylân is dizze moannen wer dekôr foar de súksesfolle dramasearje Dokter Deen. De searje fan Omrop Max oer de eilanner húsdokter is mei it twadde seizoen dwaande. Ferline jier waard it earste seizoen op it eilân opnaam. De searje giet oer húsarts Maria Deen, spile troch Monique van de Ven. Har personaazje is basearre op Flylanner dokter John Deen. De filmcrew is al wer thús op it eilân.

Flylân is foar harren in prachtich dekôr, mar de opnamen moatte ek wol wolris stillein wurde. De crew is noch in pear wike op it eilân.

Dêrnei moat alles monteard wurde. Pas de kommende hjerst binne de earste ôfleverings wer werom te sjen op tillevyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)