Draafhynder op hynstekeuring

14 jan 2012 - 18:00

It wie in aparte ferskining, sneontmiddei yn it WTC yn Ljouwert. Op de Fryske hynstekeuring kaam ynienen in draafhynder Derek Buitenzorg yn de arena. it jonge draafhynder fan de sportredaksje fan Omrop Fryslan komt as ferrassing yn de Arena. In spannend momint, want Derek hat noch gjin inkelde ûnderfining mei sa'n soad publyk.

Mar it giet dat it slydjaget mei Derek. As in folleard draafhynder docht hy syn rûntsjes. It publyk reagearret entûsjast. Trainster Sjoukje Wagenaar is grutsk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)