Deade Sint Nyk is in man

21 jun 2013 - 14:06
  • By it swimplak flak by de A6 waard in deade oantroffen

De deade persoan dy't tongersdei fûn is op carpoolplak de Ulesprong by Sint Nyk is in man. Dat hat út ûndersyk bliken dien. De plysje wit lykwols noch net wa't it is. Dêr wurdt noch folop ûndersyk nei dien. Freed helpt ek in team fan de ME mei it gebiet fan it carpoolplak ôf te sykjen nei spoaren. It lyk fan de noch ûnbekende man waard tongersdeitemoarn troch foarbygongers fûn. Letter op de dei die bliken dat it slachtoffer yn brân stutsen wie.

De plysje giet út fan in misdriuw.

De plysje is ek op syk nei minsken dy't woansdeitejûn of -nacht yn de omkriten wiene. Sa wie der ek in groep in feestje oan it fieren yn de buert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)