Gjin autocross fanwege it waar

21 jun 2013 - 13:36

Ferskate iepenloftevenimten yn Fryslân geane dit wykein net troch fanwege it wiete waar. Dit jildt ûnder oare foar de autocross yn Sint Anne. De organisaasje hat tefolle lêst fan de rein, seit Meindert Acda fan de organisaasje. Mar der binne ek saken dy't sawiesa wol trochgeane.

It City Promsfestival yn Ljouwert set freed hoe dan ek útein. Op it Aldehoustertsjerkhôf wurdt klassike muzyk spile yn de iepen loft. It NNO lit him net tsjinhâlde troch in bytsje wetter, seit Margot Hoiting fan City Proms. Sy rekkenet op droech waar.

As it dochs reint sil de organisaasje ponsjo's útdiele oan it publyk. It poadium is oerkape, dat it orkest kin ek by wiet waar gewoan trochspylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)