30 % arbeiders Stertil staakt

21 jun 2013 - 12:46

Sa'n 50 fan de 150 meiwurkers by Stertil yn Koatstertille hawwe freedtemoarn meidien oan de staking foar in bettere CAO yn de metaalsektor. De fakbûnen binne tefreden oer dy opkomst, want freeds hawwe in soad wurknimmers al in frije dei. Njonken Koatstertille wurdt der yn noch fjouwer plakken yn Fryslân it wurk tydlik stillein: by Damen, ICON en Shipdock yn Harns en yn Burgum ek by Damen.

Yn it Noarden giet it om 17 bedriuwen dêr't staakt wurdt. De aksjes wurde laat troch de fakbûnen CNV Vakmensen en FNV Bondgenoten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)