Drachtster fermist en wer fûn

NHL yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De 24-jierrige Rory Bruinja út Drachten wurdt sûnt tongersdeitemiddei ien oere fermist. Hy hat moarns noch de trein fan It Hearrenfean nei Ljouwert naam en hat ek noch op de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert (NHL) west, dêr't er studearret. Nei ien oere middeis is hy net mear sjoen.
Op syn mobile telefoan wie hy net mear berikber. De famylje fan Bruinja makke him soargen en woe graach wite wêr't er is. Ek de NHL die in oprop om nei de jonge út te sjen. Freedtemiddei kaam it berjocht fan Bruinja wer te plak is.