Stille kurator is útsûndering

21 jun 2013 - 10:36

De Ljouwerter rjochtbank hat oant no ta ien kear in saneamde stille bewâldfierder oansteld. Dat is in kurator, dy't al foardat it offisjele fallisemint fan in bedriuw útsprutsen wurdt, oan de slach giet. Sa hat de kurator in pear dagen ekstra om saken te regeljen foardat it fallisemint yn de publisiteit komt. Neffens de rjochtbank hat dizze foarm syn foardielen, mar gjin juridyske basis.

It middel sil dan ek weromhâldend ynset wurde. De rjochtbank ûntkent dan ek dat der sprake wêze soe fan in nije trend by falliseminten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)