Metaalsektor staakt yn Fryslân

21 jun 2013 - 08:09

Der wurdt freed staakt troch wurknimmers yn de metaalsektor. Se fiere aksje foar in bettere CAO. Op ferskate plakken yn de provinsje wurdt it wurk foar in pear oeren dellein. It giet om de bedriuwen ICON en Shipdock yn Harns, Damen yn Burgum en Harns en Stertil yn Koatstertille.

De fakbûnen CNV Vakmensen en FNV Bondgenoten organisearje de aksje mei elkoar. Ynset is njonken leansferheging mear sizzenskip foar de wurknimmer en bettere rjochten foar dy wurknimmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)