Wer ludyk protest Hearrenfean

21 jun 2013 - 07:23

Tsientallen meters stikeltried, in grinspost mei slachboom en in spandoek mei de tekst 'welkom in Noord-Koreaans Heerenveen!' binne tongersdeitejûn pleatst foar de haadyngong fan it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean. It giet op 'e nij om in aksje fan it aksjekomitee 'Wij zijn Heerenveen'.

Ferline wike noch waarden ferhúsdoazen foar de yngong dellein. It aksjekomitee is it bot ûniens mei de kommunikaasjemetoade fan de klup. It komitee fynt it belied fan de klup fergelykber mei dat fan it Noard-Koreaanske bewâld fan Kim Jung-Un.

It ôfrûne wykein naam ek âld-trainer Foppe de Haan ôfstân fan direksje en ried fan kommissarissen fan SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)