Grutte sykaksje by Easterwâlde

20 jun 2013 - 22:07

De plysje hat tongersdeitejûn mei tsientallen frijwilligers socht nei in fermist famke by Easterwâlde. Dat hat fertuten dien. It 16-jierrige famke waard om in oere as alve sûn oantroffen mei har fyts. Sy wie tongersdeitemiddei foar it lêst sjoen doe't se op de fyts ôfsette.

De plysje hie oanwizings dat se earne yn it bûtengebiet fan it doarp wêze soe en hat dêrom sels mei in helikopter mei waarmtelampe yn it gebiet oan it sykjen west. Ek famylje en kunde fan it famke ha meisocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)