Ekstra debat oer rykstsjinsten

20 jun 2013 - 20:03

De FNP yn Provinsjale Steaten hat in ekstra debat oanfrege oer it driigjend ferlies fan wurkgelegenheid by de rykstsjinsten yn Fryslân. It soe mooglik gean om 1000 banen. Yn it saneamde ynterpellaasjedebat wol de FNP fan Kommissaris fan de Kening Jorritsma witte oft dêr noch wat oan te dwaan is en hokker rol de steaten dêryn spylje kinne.

De partij is fernuvere oer de oprop fan boargemaster Crone fan Ljouwert oan de Ljouwerter riedsleden om yn aksje te kommen, wylst de steaten yn de lobby noch altyd bûtenspul hâlden wurde, sa seit de FNP.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)